Demakratyske partij; is neist de Republikeinske Partij ien fan de twa grutte Amerikaanskepartijen dy't striidt om de mearderheid yn it fedale Kongres (senaat en hûs fan Offurdigen) yn de Feriene Steaten en om it rjocht om de presidint leverje te meien.
federaal bestjoer
It mienskiplik bestjoer oer alle dielsteaten, lykas yn de Feriene Steaten bygelyks it federale Kongres en de Amerikaanske presidint.
Republikeinen
Republikeinske Partij; is neist de Demokratyske Partij ien fan de twa grutte Amerikaanske partijen dy't striidt om de mearderheid yn it federale Kongres (Senaat en Hûs fan Offurdigen) yn de Feriene Steaten en om it rjocht om de presidint leverje te meien
konsumpsjemaatskippij
Maatskippij dêr't it konsumearjen sterk yn stimulearre wurdt troch bugelyks advertinsjekampanjes
frijemerkekonomy
In ekonomy, der't de wet fan fraach en oanbod yn útmakket wat fabrikanten produsearje en wat de konsuminten keapje, en wat de priis fan producten is; past by de ekonomyske streaming fan it liberalisme.