Grutte feroaring u it nederlânske bestjoer troch de komst fan it frânske revolúsjeleger yn 1795; troch du revolúsje kaam der in ein oan it bestjoer fan stedhâlder en reginten en ûntstie in nije republuk mei in grûnwet, de bataafske republyk (1795-1799)
Boargerlike stân
Register dêr't berte, houlik en ferstjerren yn opskreaun wurde
Boerzoisy
Rike boargerij; minsken mei in soad besit, sa as bankiers, keaplju, yndustriëlen
Diktatuer
Manier fan regearjen wêrby't in lytse groep of ienpersoanallemachthat
Directoire
Bestjoer fan fiif direkteuren nei ôfrin fan de perioade fan de terreur (1795-1799)
Ferljochting
Streaming yn de achttjinde ieu dêr't leauwe en absolute macht plak yn meitsje moasten foar it ferstân (de rede), frijheid en gelikensens
Frânske revolúsje
Grutte, abrupte feroaring fan de frânske maatskippij dy't begûn yn 1789
Grûnrjochten
Basisrjochten foar elke boarger, dy't fêstlein binne yn in grûnwet; foarbylden binne: frijheid fan godstsjinst, frijheid fan drukparse en de beskerming fan persoan en goed
Grûnwet
Dokumint dêr't de rjochten en plichten fan boargers en bestjoer yn fêstlein binne
Jokobinen
Politike groep yn de tiid fan de frânske revolúsje dy't fan betinken wie dat it folk alle macht hawwe moast en dat de grûn ûnder de boeren ferdield wurde moast; sy kamen yn 1793 ûnder liedomg fan Robespierre oan de macht
Patriotten
Groep nederlanners dy't har yn de twadde helte fan de achttjinde ieu fersetten tsjin it bestjoer fan stedhâlder en reginten en krekt as de frânske revolúsjonêren mear folksynfloed en frijheden hawwe woenen
Privileezjes
Foarrjocht dat troch in foarst oan in edelman of geastlike ferliend wie, lykas it rjoht om gjin belesting te beteljen of it rjocht op in belangrike baan yn it bestjoer
Sensuer
Ferbod troch it regear op it iepenbier meitsjen fan teksten, films, muzykstikken, radio- en televyzjeprogramma's ensafuorthinne
Skieding fan de machten
In troch montesquieu betochte ferdieling fan de bestjoerlike macht yn de macht om wetten te meitsjen (parlemint), de macht om wetten út te fieren (kening) en de macht om straffen te jaan (rjochters)
Stannemaatskippij
In maatskippij dy't ferdield is yn tije groepen: geastliken(earste stân), edellje (twadde stân) en boargers en boeren (tredde stân); de earste en twadde stân hawwe allegear foarrjochten
Terreur
Perioade yn de frânske revolúsje (1793-1794) dat in lytse groep revolúsjonêre boargers alle macht hie en de frânsen ûnder de tomme hold troch se kjel te meitsjen